Eppie Dam, dichter en vertaler

Foto Simon Bleeker


Alles sjoen / Both sides now

 

Weach en fleach fan ingelhier

En ijskobergen like wier

En fearren rotsen withoefier

Sa lokken wolken mij   

 

Mar dat wie fierste moai begjin

Men hâldt de rein en snie net tsjin

Safolle dingen noch yn ’t sin 

Mar wolken kearden mij

 

Ik ha fan wolken alles sjoen

Fan op en del, en nóch de tsjoen

Ik ha te heech op loft ynset

Ik ken de wolken hieldal net

 

Sûkerspin en reuzerêd

It draaiend swiet gefoel net sêd

As elke gouden dream it rêdt

Sa lokke leafde mij

 

Mar no is dat in oar ferhaal

Se gnize stil om dyn gedwaal

En bisto lyts dan dochst brutaal

Do smytst dysels net wei

 

Ik ha fan leafde alles sjoen

Fan jou en nim, en nóch de tsjoen

Ik ha te heech op lok ynset

Ik ken de leafde hieldal net

 

Langst en angst en noch de moed

En rop: ‘Ik hâld fan dij foargoed’

Brûs en rûs en merkelûd

Sa lokke ’t libben mij

 

Mar no fynt elkenien mij frjemd

Se sizze: ‘Sa ha ’k dij net kend’

Mar ik bin ljocht en tsjuster wend

Ik libje elke dei

 

Ik ha fan ’t libben alles sjoen

Fan ryk en kwyt, en nóch de tsjoen

Ik ha op myn bestean ynset

Mar ken it hiele libben,

Ik ken it hiele libben net

Ik ha op myn bestean ynset

Mar ik ken it hiele libben net

Amelia / Amelia

 

Ik trochkrúste dy deis de gleone flakte

En ik spotte seis Boeings

Seis wite dampe spoaren oan neaken firmamint

It wie it heksagram fan ’e himels

En elke snaar fan myn gitaar

Amelia, it wie mar fals alaarm 

 

De droan fan loftmotoaren

Is in liet fol averij

It brokkelt tiid en simmers as it trochdringt ta dij

Dan wurdsto sels dyn reisferhaal

De ansichtkaart noch waarm

Amelia, it wie mar fals alaarm 

Minsken fertelle fan har reis

En riede dij te gean

Mar foarsto dêr (oait) ea bist

dat kostet in bestean –  

Dêr’t guon it paradys fûn ha

Bin oaren amper waarm

Och Amelia, it wie mar fals alaarm

 

Ik woe dat hij fannacht hjir wie

’t Is my sá yn ’e wei

Syn tryst fersyk oan mij en bliuw mar leaver wei

En sa ferberch ik alle sear

Fan myn wegen en de barm

Sis tsjin Amelia: it wie mar fals alaarm

 

Bespoeke troch de loftfeart

Wie sij ek fan ’e himel wei

Of fan ’e see as ik, en jage dreamen nei

As Ikarus omhegen

Op wjukken eins fierste raar

Amelia, it wie mar fals alaarm

 

Miskien kín ik wol net leafha

Ik tink dat dat sa is

Ik brocht myn tiid ta op wolken dêr’t al iisgroei is

En sjoch ik no op alles del

Ik kresjte yn syn earms

Amelia, of hie dat ek wat ferms?

 

Ik skreau mij yn bij ’t Cactus Tree Motel

It dûsen die mij goed

Ik ha slept op frjemde kessens fan myn swalkersbloed

En dreamd fan 747s

Spoard yn parallel gebaar 

Mar t wie mar skyn Amelia, skyn en fals alaarm

 

Baas giele taksy / Big yellow taxi

Dit wie paradys, se walsten alles plat

Foar in pears hotel, in boetyk, en McDonald’s frytkot

Mar is it sa net altyd gien

Datsto noait witst watsto hiest oant it gie

Dit wie paradys, se walsten alles plat

 

Sa kaam beam nei beam al gau yn ’t Beammuseum

En se doarden ek noch in daalder yntreejild te freegjen

Is it sa net altyd gien   

Datsto net witst watsto hiest oant it gie

Dit wie paradys, se walsten alles plat

 

Hee túnman, túnman smyt oan kant dy spuiterij nou

Jou my rûpstekkich fruit (dan,) mar jou net it bijefolk priis

Please!

Is it sa net altyd gien   

Datsto noait witst watsto hiest oant it gie

Dit wie paradys, se walsten alles plat

 

Justernacht hear ik de gaasdoar slaan

En in baas giele taksy hat sa myn man meinaam

Mar is it sa net altyd gien   

Datsto noait witst watsto hiest oant it gie

Dit wie paradys, se walsten alles plat 

 

Ik sei is it sa net altyd gien

Datsto noait witst watsto hiest oant it gie

Dit wie paradys, se walsten alles plat 

Dit wie paradys, se walsten alles plat

Dit wie paradys

Se walsten alles plat



 

Blau / Blue

 

Blau, blues sit yn tattoos

Do witst dat ik de see heard ha

Kroan en anker mij

Of syl mij fier fan hûs

 

Hee blau, der is in liet te jou

Inkt oan ’e pin

Underhûds te sjen

In djip leech plak ta seining

 

Der bin sa’n soad oan ’t sinken no

Wolsto dêr om tinke?

Dij giet noait in see te heech

 

Pillen, drank en weed

Nuddels, trips en speed

Soad gegniis, soad gegniis

 

Elkenien mei tinke

Dat hel it hipste libben is

Iksels hie oars tocht

Mar ik bin op syk nei alle wegen noch

Blau, fertrou mij

 

Blau, ik haw in skelp te jou.   

Mei binnenyn fertriet

In dizich widzeliet

Dêr klinkt dyn sang fan mij

 


 

Carey / Carey

 

Der waait wer sân út Afrika

Fannacht hie ik it hân

O do witst hoe min at ik hjirwei kin, Carey

Mar ik wol no leaver fuort 

Myn fingerneils bin smoarch

Ik nim tarre mei fan ’t strân

En ik mis myn wite lekkens 

En myn lekker-rûkersguod

 

Carey, toe krij dyn stok  

Dan sykje ik myn silver

Do bist sa’n boas âld hippy, mar ik mei dy 

 

No toe, op nei it Mermaid Kafee

Dan bestel ik in flesse reade wyn

Even lol en proaste op leechte

En dan fuort mei it lege glês

Hey jou noch in rûntsje foar folk en soldaten

Jit al myn âlde freonen yn

Dan hef iksels it glês op de reade duvel

Dy’t my bynt oan dizze stêd 

 

Carey, toe krij dyn stok  

Dan sykje ik myn silver

Do bist sa’n boas âld hippy, mar ik mei dy ik mei dy oh ja ik mei dy

 

Wa wit gean ik nei Amsterdam

Of Rome miskien ek wol

Dan hier ik in baas piano

En set wat blommen oer de flier

Mar no net prate oer ‘jonges farwol’

De nacht is mei stjerren gol –      

En se spylje dy rûge rock ’n’ roll 

De Mátala moanne fol

 

Carey, toe krij dyn stok  

Dan sykje ik myn silver

Do bist sa’n boas âld hippy, mar ik mei dy 

Der waait wer sân út Afrika

Fannacht hie ik it hân

O do witst hoe min at ik hjirwei kin

Mar ik wol no leaver fuort 

Miskien ha ik wol tefolle sjoen

Yn dizze strjitten oan alles ryk

Ik bin te bot wend oan myn wite lekkens

En myn lekker-rûkersguod 

 

O Carey, toe krij dyn stok  

Dan sykje ik myn moaiste silver

We gean nei it Mermaid Kafee

Oan wille gjin gebrek

Ik sei, do bist sa’n boas âld hippy

Mar ik fyn dy te gek


 

Coyote / Coyote

 

Nee gjin spyt, coyote

Us ferskil yn achtergrûn is sa imméns

Ik sit de gânse nacht yn studio’s

En do betiid moarns op dyn ranch

Want do pluzest al in merrysturt

Mei de sinne yn ’t kommen

En ik kom krekt thús mei myn opnamebrut

Mar is ’t net in wonder

Hoe tichtbíj al de hûd en it bloed en de blik

Sa de lippen berikt

Mar iensum bin ik ek

En toch fiel ik bining

Al finetuned op in hier nei

Do bist net in ry-mar-troch-rider

Plankgas hjirwei

Do seachst gewoan in lifter

In finzene fan ’e wite strepen op ’e snelwei

 

Der stie in pleats yn ’e brân

Withoefier op ’e romte

It wie omtrint middernacht

Wij passearden dy trageedzje dêr

Oant de ôfslach nei in pleisterplak

Mei in bandsje fan ynheemsen

En hossers en hippers oer de flier

En it koe al net oars

Dy coyote foar myn noas

Hij triuwt my yn in hoeke en der is gjin ho

Hij sleept my mei op ’e dûnsflier

En we dûnsje close en slow

Hij hat in frommes thús

En tagelyk in frommes hjir yn ’t kafee

En no wol hij mij ek noch, is myn idee

Wêrom dronksto ek sa’n bier

En gie ik dêryn mei     

Do seachst gewoan in lifter

In finzene fan ’e wite strepen op ’e snelwei

 

Ik seach in coyote lyk yn ’t gesicht

Underweis nei Baljennie yn myn bertelân 

En hij draafde troch in tarwefjild

Jeiend op wyld oan 

En in wikel boarte mei him

Coyote sprong rjocht omheech allyk syn wêzen

Hij hat eagen krekt as dynt 

Under dyn tsjustre glêzen

Elk is op syk nei de weimotels

En loert dêr troch kaaigat en oergerdyn

Nei de pine fan himsels

En nimt syn tydlike lovers 

En syn geastferrommers

Want sa fertelsto passy nei

Nee gjin spyt, coyote

Ik wie ek mar ûnderweis

Do seachst gewoan in lifter

In finzene fan ’e wite strepen op ’e snelwei

 

Coyote sit yn ’e coffee shop

Hij stoarret in gat yn syn sachtbakt aai

Hij rûkt noch myn lucht oan syn fingers

En sjocht de tsjinster achternei

Hij is hjir fier fan ’e Baai fan Fundy

Fan skimmelmerry en seemok en tij

En de luchtferfriste keammerkes

En de typmasines deis

Fertelle it wonderklear

Elk moat troch de tiid mei syn eigen striid 

Of oars leaver hjirwei

Ik joech it ommers sels ek oer

En flechte yn gewraksel mei myn ego

En dan, dit fjoer

Noch jûn hjir oan dy Eskimo

Oan dy lifter

Oan dy finzene

Fan ’e tinne wite strepen 

(Fan ’e wite strepen) op in frije wei



 

Help my / Help me

 

Help my, ik leau dat ik al wer fereale bin

’k Hoech dy koarts mar krekt te fielen

Of dêr kom ik al pine tsjin

Ik sil skrieme 

Want do bist in rocker en in gokker

Ien dy’t moai tsjin froulju prate kin

En do giest foar leafde (leafde) 

Net sa’sto giest foar frijheid 

 

Help my, ik leau dat ik te gau fereale bin

It jout my hope foar de takomst

Mar dan kom ik myn ferline tsjin

Want ik seach safolle flammen 

Dôvjen nei har gleon begjin

Wij gean foar leafde (leafde)

Mar net sa’t we gean foar frijheid

 

O, fielde dat net goed? 

Doe’t we sieten te praten

Of frijden yn ferbazen – 

Fielde dat net goed?

De dûns mei it frommes 

Mei in ril yn ’e hoazzen

Fielde dat net goed?

Fielde dat net goed?

 

Help my, ik leau dat ik op dij fereale bin

Tinksto dat ik mysels wol rêde kin?

Dat is dan wer sa’n iensum minskeding

Beide wer in flirt yn ’t sin

Lovend en biedend, bliedend hert

Want wij gean foar leafde (leafde)

Mar net sa’t we gean foar frijheid


 

In fet fan dij / A case of you

 

Krekt foardat ús leafde briek seisto:

‘Ik ha de fêstens fan in noarderstjêr’

En ik sei: ‘Fêstichheid yn it tsjuster,

Doch net sa raar!

Ast my sikest, ik sit yn ’e bar’

Op ’e rêch fan in bierkartontsje

Yn it blau tv-skermljocht

Die ik de kaart fan Kanada

O Kanada

Dêr’t ik dyn gesicht yn brocht

O sinkst yn myn bloed as goede wyn

Do bist sa bitter, swiet en read

Ik koe fan dij in fet wol ha, leafste

Dat dronk ik oant de boaiem út

Dan gie ik noch net ûnderút

En ik gie noait wer ûnderút

 

O ik bin in iensum skilder

Ik sit oan myn kleuren fêst

Ik ken myn lytse duvels

En ik sykje manlju mei moed en rêst

Ik wit noch dy kear datsto seidest:

‘Sjoch hoe’t leafde sielen bynt’

Wis en wrachtich mynt

Safolle ‘dij’ lûkt út my wei

Yn dizze rigels, yn dit rym

O sinkst yn myn bloed as goede wyn

Do bist sa bitter, swiet en read

Ik koe fan dij in fet wol ha, leafste

Dat dronk ik oant de boaiem út

En ik gie noch net ûnderút

 

Ik trof in frommes

In mûle krekt as dynt

Se koe dy sá

Se koe dyn duvels en gemis 

En sy sei: ‘Doch it mar, bliuw bij him asto kinst 

Mar wit datst bliede silst’ 

O mar do bist yn myn bloed

Bist myn goede wyn

Sa bitter

Bitterswiet en read

O ik koe fan dij in fet wol ha, leafste

Díj dronk ik oant de boaiem út

Ik gie noait wer ûnderút


 

Lytse knyn / Little green

 

Bern ûnder Kreeftfjoer berne

Jou har in namme dy’t kenber is

Neam har grien en de winter sil har sparje

Neam har grien om har âlden te bewarjen

Lytse knyn, dûnsje oer de marren

Hij gie nei Kalifornia

Dêr soe in minske it waarmer ha

Dat do dochst him in skriuwen gau: ‘har eagen bin blau’

Hij stjoert dij in gedichtsje en ’t ferhaal is dien

Lytse knyn, hij is ek sa’n doarmer

Krekt allike grien

As de kleur dy’t nije maitiid jout

Do silst krookjes ha en dy moarn nei skoalle bringe

Krekt allike grien

As de nacht dy’t noarderljocht ús jout

Do krijst iispegels en jierdeiklean

En soms dan brâne triennen

Bern mei in bernlik wêzen

Wurch fan de leagens te lêzen soms

Want do hast bij it tekenjen dyn namme set

Bist tryst en ûnseker, mar beskamme net

Lytse knyn, mei gelok dy rêde

Krekt allike grien

As de kleur dy’t nije maitiid jout

Do silst krookjes ha en se moarn nei skoalle bringe

Krekt allike grien

As de nacht dy’t noarderljocht ús jout

Do krijst iispegels en jierdeiklean

En soms dan brâne triennen



 

Moanne yn ’t finster / Moon at the window

 

It ferget freugdefolle ôfstân 

Hert en beskiedenheid

En mear ek net

Dit sei in fleurich minske mij

Net ien is sa hurd foar mij as ik

Wêrom dan elk?

En, net ien is sa hurd foar dij as do

 

Betsy lijt

Se seit: ‘Sis dan noch wat goeds!’

Do witst, ik joech har moed as ik it mar koe

O, mar somtiids wurdt ljocht

Net sa oan minsken jûn

Mar sjoch de moanne yn ’t finster – 

Gjin dief hat dy noch fûn 

 

Minsken bin mei leafde oan

Se troaie ’t en slaan it

Sette ’t út en oan

As (twa) wetterkranen

O somtiids wurdt ljocht

Net sa oan minsken jûn

Mar sjoch de moanne yn ’t finster – 

Gjin dief hat dy noch fûn 

 

Ik treast har hert

Ik ken dit wrotten

Nachten ûntset

As it spoek fan oantinkens rattelt

Geast fan ’e takomst

Fantomen op ’t lêst

Rattel, rattel, rattel

As de leppel yn ’t glês

 

Is it mooglik wol en lear

Hoe te noedzjen sûnder noed

Leafde hat twa kanten

Wanhoop en langst

En wille wachtet al op angst

Ik sis:

Mar sjoch de moanne yn ’t finster

Gjin dief hat dy noch fûn

Moanne yn ’t finster

Gjin dief hat dy fûn

Dêr skynt it ljocht wer jûn

Troch blinen sjoen (?)

Al iuwen sjoen* 

Moanne yn ’t finster   

 


 

Myn kompaan / My old man

 

Myn kompaan

Is in sjonger yn it park 

Hy’s in swalker yn ’e rein

En in dûnser yn ’e nacht

Wij hoe’ net in bûterbriefke

Fan ’t gemeentehûs 

Wij binne sa ferbûn

En myn kompaan

Bestriidt myn waan en blues

 

Hij ’s myn knypeach bij ’t lemieren

Hij myn fjoerwurk oan ’e ein fan ’e dei

Hij de waarmste snaar, de ein fan wei

Spylje fûgelfrij, net hjirwei, leafste

Wij hoe’ net in bûterbriefke

Fan ’t gemeentehûs 

Wij binne sa ferbûn

Myn kompaan

Bestriidt myn waan en blues

 

Mar is hij der net

O dan lûk ik mysels omleech 

It bêd te grut

De pankoekspanne leech

 

En hij komt thús

Mei twa earmen dêr ’k op wachtsje kin

Hij fertelt oer al syn dwalen

En hoe moai en waarm ik bin 

Wij hoe’ net in bûterbriefke

Fan ’t gemeentehûs 

Wij binne sa ferbûn

En myn kompaan

Bestriidt myn waan en blues

 

Mar Is hij der net

O dan lûk ik mysels omleech 

It bêd te grut

De pankoekspanne leech

 

Myn kompaan

Is in sjonger yn it park 

En in swalker yn ’e rein

En in dûnser yn ’e nacht

Wij hoe’ net in bûterbriefke

Fan ’t gemeentehûs 

Wij binne sa ferbûn

En myn kompaan

Bestriidt myn iensum bloed en blues


 

Seks kilt / Sex kills

 

Ik siet hjoed ticht op in Cadillac

Nei in stopljocht ûnderweis

En sa seach ik ek syn nûmerboerd

Dêr stie: Just Ice

Mar smelt no net just iis?

Regeard troch lust en heb?

Just de macht regelt saakjes goed

En de swakken wurde ivich nekt

O, en it gas lekt

En it jild jildt

En seks priist alles oan

Seks kilt

 

Dokter Pil hat in kwaal betocht

En de rekkens folgje as bij karrefracht

En pleiters wiene noait sá populêr  

Sûnt Robespierre heal Frankryk slachte hat!

Ald Opperhaad wiis noch mei syn  toai

Hij wit, it lykwicht is rampoai

As stap oars íen dei yn in auto

Elkenien haat elkenien

En it gas lekt

En it jild jildt

En seks priist alles oan

Seks kilt

 

Al dy rukkers op kantoaren

Ferkrachters yn it bad

O, en de drama’s dan yn ’e dei-opfang

’t Bern dat wapene nei skoalle moat

De etterjende ozon

Tumoaren op ’e hûd

Fijân sinne spytgnysket foargoed

Om alle shit fan hjoed

En it gas lekt

En it jild jildt

En seks priist alles oan

En seks kilt

Seks kilt

Seks kilt

O, seks kilt

Seks skilt

Seks



 

Sirkelgong / The circle game

 

Juster is in bern nei bûten gongen

Fong in wetterjuffer yn in glês

Triljend mei de loft fol swiere tonger

En skriemend bij it fallen fan in stjêr

 

En seizoenen gean mar om en om

En de kermisponnys gean op en del

Wij sitte yn ’e karûssel fan tiid

Kin net werom, sjogge inkeld achterom

Nei hoe’t it gong

En gean om en om en om

Yn in sirkelgong

 

En it bern seach tsien kear de seizoenen

Wachte tsien jier lang op snie en iis

Mem sei: ‘Dat komt letter’ – ta fersoenen

Salang bin moaie dreamen wol sa wiis

 

En seizoenen gean mar om en om

En de kermisponnys gean op en del

Wij sitte yn ’e karûssel fan tiid

Kin net werom, sjogge inkeld achterom

Nei hoe’t it gong

En gean om en om en om

Yn in sirkelgong

 

Sechstjin simmers ûnderwylst fergliden

Botsauto’s te lyts foar racend bloed

En se sizze: ‘Kalm oan, der komme tiden

Datsto dyn rûntsjes leaver traach ha woest’

 

En seizoenen gean mar om en om

En de kermisponnys gean op en del

Wij sitte yn ’e karûssel fan tiid

Kin net werom, sjogge inkeld achterom

Nei hoe’t it gong

En gean om en om en om

Yn in sirkelgong

 

Sa giet tiid foarbij, en no is de jonge twintich

Hoewol’t syn grutte dream oan glâns ferlear

Dreamt hij opnij, och wa wit noch wol fan sinne

Foardat de klok fan ’t libben seit: ’t is klear.  

 

En seizoenen gean mar om en om

En de kermisponnys gean op en del

Wij sitte yn ’e karûssel fan tiid

Kin net werom, sjogge inkeld achterom

Nei hoe’t it gong

Wij gean om en om en om

Yn in sirkelgong

Hieltyd om en om en om

Yn in sirkelgong


 

Woodstock / Woodstock

 

Ik kaam in godlik minske tsjin

Hij rûn allinnich oer de wei

En myn fraach wie: ‘Wêr giest hinne?’

En dit syn antwurd: 

‘Ik gean nei Yasgur’s buorkerij

Ik slút my oan bij in rock ’n’ roll band

Ik sil sliepe yn in tint

Wa wit krij ik myn siel frij’

 

Wij bin goudstof

Wij bin stjerren

We hoege ’t paradys 

Net te bedjerren 

 

‘Dan rin ik mei dy fierder

Ik ûntflechte ek mar de smog

En ik fiel my goed genôch om óm te kearen

Miskien is it wol de tiid fan ’t jier

Of tiid foar nij begjin

Ik wit net wa’t ik bin

En ik ha in soad te learen’

 

Wij bin goudstof

Wij bin stjerren

We hoege net it paradys 

Net te bedjerren

 

En sa kamen we bij Woodstock

We wiene mei in healmiljoen

En elk wie dêr oan ’t sjongen en dûnsjen en oan ’t fieren

En ik dreamde dat de bommen

As gewearfjoer oan ’e loft

Ynienen makke wien’ fan flinterstof

Foar elk op ierde   

 

Wij bin goudstof

Biljoen jier âlde koalstof

Wij bin stjerren

Fêst yn duvels doalhof

Mar we hoege net it paradys

Sa te bedjerren

 


copyright Inez Timmer en Eppie Dam


Foto Peter Schütte

Boekingen en informatie:

 

Inez Timmer

 

Tel. 06 - 10687385

info@ineztimmer.de

www.baasgieletaksy.nl

www.theaterineziatief.nl

 

Baas Giele Taksy kwam tot stand met ondersteuning van:

Douwe Kalma Stifting

 

Feitsma Fûns